Ferskate plysjekontrôles yn Harns

14 maaie 2015 - 14:35
  • Alkoholkontrôle

De plysje hat yn Harns woansdei ferskate kontrôles útfierd. Sa waard yn de wyk Plan Súd it ferkear kontrolearre. By it stasjon waarden inkele jongeren kontrolearre op softdrugs. De plysje hat ek noch in besite brocht oan Harnzers dy't noch in boete betelje moasten of finzenisstraf útsitte moatte. By de ferkearskontrôle binne trettjin warskôgings útdield. Ek moasten autoblisten blaze. Ien automobilist wie ûnder ynfloed fan alkohol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)