Ferskate húsdokterspraktiken slute har oan by Dokterswacht

12 jan 2015 - 17:16

De húsdokterpraktiken yn Balk, Wikel en Wâldsein slute har fan 2 febrewaris ôf oan by Dokterswacht Fryslân. It giet om de praktiken fan húsdokters Krijnen en Coppens yn Balk, Van der Veen yn Wikel en Hotsma yn Wâldsein.

De pasjinten wurde mei in brief ynformearre oer de feroaring. It giet om sa'n 10.000 pasjinten. Dy kinne fan 2 febrewaris ôf bûten de gewoane praktyktiden om telâne by de húsdokterposten fan de Dokterswacht yn Snits en It Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)