Fersin by stedhûs goedmakke; snobbersguod foar de bern

12 nov 2014 - 16:33
  • Bern krije dei letter snobbersguod op stedhûs

Op it stedhûs fan Ljouwert hiene se 11 novimber net rekkene op bern dy't Sint Marten rinne. Goed 30 bern kamen del, mar giene mei lege hannen wer fuort. Dat koe wethâlder Thea Koster net gewurde litte. Se noege alle bern út 'e buert út om woansdeitemiddei del te kommen. Se kamen manmachtich om noch in kear te sjongen. Dizze kear wie der wol snobbersguod en se krigen ek noch in rûnlieding troch it stedhûs. Hichtepunt wie de moeting mei boargemaster Ferd Crone. Se mochten sels yn syn stoel sitte.

Neffens wethâlder Koster sil soks net wer foarkomme. Takom jier is der gewoan snobbersguod foar de bern.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)