Ferset tsjin taakoerdracht ryk

13 maaie 2011 - 12:39

Hieltyd mear gemeenten komme yn ferset tsjin de oerbringing fan rykstaken nei de gemeenten. It ryk hat okkerdeis de taakoerdracht fêstlein yn ôfspraken mei de Vereniging Nederlandse Gemeenten. Tsjin dat bestjoersakkoart kaam de ried fan Frjentsjerteradiel tongersdei yn ferset.

De gemeenteried fynt dat de ekstra taken net goed útfierd wurde kinne sûnder ekstra jild. It giet dan bygelyks om de Jeugdsoarch, de AWBZ en de WSW, de sosjale wurkfoarsjenning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)