Ferset tsjin soarchplan ryk

25 nov 2013 - 12:57
  • Steatssiktaris Martin van Rijn

De Fryske gemeentes komme yn ferset tsjin de desintralisaasje fan de soarch mei yngong fan 2015. De gemeentes binne sa min te sprekken oer it bystelde plan fan steatssiktaris Van Rijn, dat se op 'e nij mei it kabinet ûnderhannelje wolle. De gemeentes binne foaral lilk dat Van Rijn 'de persoanlike fersoarging' ûnderbringe wol by de syktekostefersekering.

Neffens wethâlder Sjoerd Tolsma fan Súdwest-Fryslân hat dat yn 2015 foar eltsenien ferfelende finansjele gefolgen. Sa sil de syktekostefersekering 150 euro djoerder wurde.

No freed hâldt de feriening fan Nederlânske Gemeenten (VNG) in ekstra ledegearkomste oer de desintralisaasje fan de soarch. Sjoerd Tolsma hopet dat de VNG it kabinet 'in hiel dúdlik sinjaal' jaan sil en oantrunet op it op 'e nij oanpassen fan de soarchplannen. Troch de oanpaste desintralisaasjeplannen driigje ek in soad gemeentes finansjeel yn problemen te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)