Ferset tsjin ôfskaffen NAK

14 maaie 2014 - 14:29
  • Jirpels

It ferset tsjin it ôfskaffen fan de NAK groeit. De NAK is in ynstânsje dy't al sûnt de jierren tritich fan de foarige ieu siedguod en foaral poatjirpels keurd. In karmerk fan de NAK hat ynternasjonaal grutte wearde. Minister Kamp fan ekonomyske saken wol dat de keurings tenei dien wurde troch de Nieuwe Voedsel- en Warenautoriteit. Ut de polityk en de jirpelsektor sels komme beswieren. De kosten rinne op en de fleksibiliteit nimt ôf, en dat hat grutte gefolgen foar de sektor, sa is de warskôging.

Deputearre Johannes Kramer hat nei oanlieding fan steatefragen fan it CDA yntusken tasein de saak oan te kaarten by de minister.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)