Ferset tsjin ôffaloven nimt ta

05 aug 2009 - 17:04
  • Protest tsjin oven nimt ta

Hieltyd mear ynwenners fan Harns fersette har tsjin de bou fan 'e ôffaloven. Tsjinstanners ha in poster achter it rút. Benammen troch de útstjoering fan it program Zembla is it ferset yn Harns tanaam. In soad minsken tinke dat de polityk negative ynformaasje oer de oven achterhâldt. En se tinke dat it gefaar foar de sûnens grutter is as sein wurdt.

Yntusken wurdt, ek al is it boufak, trochboud oan de oven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)