Ferset tsjin nijbou Bilgaard

28 maaie 2004 - 00:00

De Ljouwerter wyk Bilgaard komt yn opstân tsjin grutskalige nijbouplannen oan 'e Dokkumer Ie. It giet om in nije ynfolling foar it plak dêr't earder de flat De Meenthe stie dy't ôfbrutsen is.

Dêrfoar yn it plak moatte hûndert wenten mei parkearplakken komme. Dy wenten soene ferdield wurde moatte oer trije flats. De buert sjocht dêr neat yn. Neffens de beswiermakkers binne der al hûndert beswierskriften ynlevere by de gemeente Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)