Ferset tsjin komst nij krematoarium yn Aldehaske hâldt oan

24 nov 2015 - 16:21
  • Twa froulju giene by de doarren del om de mienings te hifkjen en de minsken by te praten

It ferset fan omwenners tsjin in krematoarium yn Aldehaske hâldt oan. De nije foarsjenning soe komme moatte oan de Jousterwei. Dêr is it no noch boulân. De gemeenteried fan De Fryske Marren praat takom wike woansdei foar it earst oer it krematoarium yn Aldehaske. De buertbewenners binne net fan doel om harren stil te hâlden.

Twa froulju giene tiisdei de huzen bydel om de minsken te mobilisearjen. De buert is benaud foar de útstjit fan stof. Boppedat soe de foarsjenning oerstallich wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)