Ferset tsjin grûndeal B'him

04 feb 2009 - 11:10

Ynwenners fan Boarnsterhim lizze har net del by de grûndeal dy't de gemeente slute wol mei wenningkorporaasje Welkom. Under oare yn Akkrum en Wergea ûntstiet ferset.

Woansdei waard bekend dat de gemeente tsien miljoen euro fertsjinje kin as Welkom grûn oernimt yn Reduzum, Wergea, Tersoal, Aldeboarn, Akkrum, Jirnsum en Grou. Op dy grûn moatte dan huzen komme. Yn Akkrum giet it om it plak dêr't no noch it eveneminteterrein is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)