Ferset tsjin foarstel om winkelsneinen te beheinen yn Stiens

21 jan 2015 - 13:13
  • Dizze supermerk yn Stiens wol graach iepenbliuwe op snein

Undernimmers en ek ynwenners fan Ljouwerteradiel komme yn ferset tsjin in foarstel fan b. en w. om it tal winkelsneinen yn Stiens te beheinen. Der is in spontane Facebook-aksje tsjin it foarstel en ferskate kritisy sille tongersdei ynsprekke yn de gemeenteried.

Wethâlder Rinske van der Meulen(VVD) wol minder keapsneinen, omdat no allinnich in pear supermerken gebrûk meitsje fan de mooglikheid om op snein iepen te wêzen. "Wy binne der ek foar de lytse ûndernimmer", seit Van der Meulen. "Minsken kinne ek op sneon har boadskippen dwaan."

Bedriuwslieder Jelle Hiemstra fan de AH hat syn supermerk op dit stuit noch alle sneinen iepen. Dêr wurdt in soad gebrûk fan makke. As hy wer ticht moat op snein, moat hy ek meiwurkers dien jaan. Gemeenteriedslid Jan Willem Tuininga fan de FNP fynt it foarstel fan b. en w. 'net te begripen'. "Dizze gemeente komt oer in pear jier by Ljouwert. It liket my folle ferstanniger om oan te sluten by de regeling yn dy gemeente." Neffens de FNP stiet de VVD bot ûnder druk fan it CDA om it tal winkelsneinen yn it doarp te beheinen. Neffens it foarstel fan b. en w. fan is der yn Ljouwerteradiel allinnich yn de moannen novimber en desimber ferlet fan winkelsneinen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)