Ferset Skier tsjin liedings

15 apr 2013 - 12:14
  • De fjoertoer fan Skiermûntseach

Skiermûntseach komt yn ferset tsjin de mooglike komst fan kabels en liedings foar it nije wynmûnepark oan de noardkant fan it eilân. Der binne fjouwer plakken dêr't dy liedings del kinne en ien dêrfan is dwers troch it eilân hinne. Nasjonaal Park Skiermûntseach hat witte litten dat de bewenners en natoerbehearder Natuurmonumenten dêr beswier tsjin meitsje. De liedings rinne dwers troch in wichtich fûgelbriedgebiet hinne. De strook dêr't de kabels lizze, moat frijhâlden wurde sadat minsken der maklik by kinne foar ûnderhâld.

Dat betsjut in grutte yngreep yn it lânskip. It Nasjonaal Park is tsjin it hiele plan foar wynmûnen, omdat sy fan it eilân ôf te sjen binne. Behearder Natuurmonumenten is ree om it juridysk gefjocht oan te gean en wurdt stipe troch oare organisaasjes lykas Vogelbescherming Nederland.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)