Ferset Mantgum tsjin UMTS-mêst

24 okt 2006 - 13:42

Mear as trijehûndert Mantgumers meitsje beswier tsjin de UMTS-mêst dy't by de brânwachtkazerne komme sil. De gemeente Littenseradiel hat Vodafone tastimming jûn foar sa'n mêst, mar in grut part fan de tûzen ynwenners is der op tsjin. It doarp is benaud dat de ynwenners sûnensskea oprinne. Ek de wearde fan de hûzen soe omleech gean troch de mêst.

Tongersdei krijt wethâlder Doting de hantekens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)