Ferset Broeksters hâldt oan

27 maaie 2009 - 12:04
  • It plak dêr't it lânguod net komt as it oan de Broeksters leit (foto Martin de Jong)

Ynwenners fan De Broek geane troch mei har ferset tsjin de plannen foar in lângoed. It plan Trijntje Wiel waard tiisdei bepraat ûnder in gearkomste fan pleatslik belang. Fan de 128 oanwêzigen woene 105 dat pleatslik belang him ferset tsjin plannen foar trije grutte wenten oan it wetter.

Inisjatyfnimmer Klaas Kloosterman paste de plannen al ris oan nei eardere beswieren. De gemeente Skarsterlân is wol posityf oer it lângoed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)