Ferset akkoart gemeentejilden

29 jan 2013 - 23:22

De gemeente Achtkarspelen leit him net del by it akkoart oer de gemeentefinânsjes dat ferline wike sletten is tusken de Vereniging van Nederlandse Gemeenten en it kabinet. Achtkarspelen wol de oerienkomst net tekenje, omdat dizze de autonomy fan gemeenten tefolle oantaast. Neffens wethâlder Klaas Antuma moatte de partijen werom nei de ûnderhannelingstafel. De ferwachting is dat noch mear gemeenten en mooglik ek provinsjes de plannen net oannimme sille.

Provinsje en gemeenten hawwe oant en mei 31 jannewaris om oan te jaan wat se fan de plannen fine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)