'Fersekerden dupe aksjedei'

20 apr 2005 - 06:35

De Friesland Zorgverzekeraar fynt it spitich dat de Fryske húsdokters tongersdei stake. Fersekerden wurde dêr de dupe fan om't der dan allinnich soarch is by needgefallen. De dokters fiere aksje tsjin de kabinetsplannen foar de soarch. Yn Earnewâld is moarns in wurkoerlis. Ek folgje de dokters dêr it keamerdebat oer de húsdokterssoarch. Sântich persint fan de Fryske húsdokters docht mei oan de aksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)