Ferromming brêgetiden Snits

20 maaie 2010 - 20:32

Mei fergees ynternet en mei oplaadpunten foar grutte elektryske boaten wol Snits noch mear wettersporters nei de stêd helje. Boppedat is tongersdei in nije webside de loft yngien, dy't alle ynformaasje oer eveneminten, restaurants en oare toeristyske saken byelkoar bringt op ien plak.

De grutste feroaring is de ferromming fan de brêgetiden. Tenei kin der tusken 8 oere moarns en 8 oere jûns troch de stêd fearn wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)