Ferrier nei Helmond Sport

19 mrt 2003 - 00:00

Ferdigener Maickel Ferrier fan Cambuur spilet takom seizoen foar Helmond Sport. De 27-jierrige Ferrier hat by de Brabânske earste-divyzjeklup in kontrakt foar twa seizoenen tekene.

It kontrakt by Cambuur rint dit jier ôf. De fuotballer hat dit seizoen 16 wedstriden meidien yn it earste fan Cambuur. Hy skoarde dêryn twa kear. Ferrier hat mei-elkoar fiif seizoenen foar Cambuur spile. Hy kaam yn 1998 oer fan it Italiaanske Salernitana.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)