Ferrast troch grutste Appeltje

17 maaie 2013 - 14:02
  • It grutte Appeltsje fan Oranje yn Easterwâlde
  • Bern en âlderein plantsje in apelbeam
  • Appeltsje fan Oranje

It allergrutste Appeltsje fan Oranje waard freedtemoarn presintearre oan skoalbern en âlderein yn Easterwâlde. It pleatlik projekt Gluren bij de buren wûn tongersdei hiel ferrassend it grutste Appeltsje fan Oranje. Dat waard pas bekend makke by de útrikking fan alle 'appeltsjes'.

Gluren bij de buren hâldt yn dat skoalbern fan Tussen de Singels en âlderein yn tehûs Stellinghaven alle wiken wat mei-inoar dogge. Freedtemoarn waard de grutte appel presintearre oan de bern en de âlderein. Dat begûn mei in taspraak fan keninginne Máxima.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)