Ferrassing foar Henk de Jong

29 aug 2014 - 10:48

SC Cambuur trainer Henk de Jong is freedtemoarn yn it fuotbalstadion ferrast troch supporters foar syn jierdei. Ofrûne woansdei is De Jong 50 jier wurden. De trainer krige ferskate kado's en op it fjild stie in grutte opblaaspoppe mei 50 derop.

De ferrassing fûn plak foar de training fan Cambuur. Earder dizze wike hiene spilers fan Cambuur de auto fan De Jong folslein ynpakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)