Ferplichte staazje skoalbern

18 mrt 2009 - 17:14
  • Op De Jouwer dogge bern al in staazje

Fan 2011 ôf moatte alle skoalbern yn it fuortset ûnderwiis in maatskiplike staazje dwaan. Se moatte 72 oeren frijwilligerswurk dwaan foar bygelyks in sportferiening, in soarchynstelling of in natuerorganisaasje.

Op in oantal plakken, lykas op 'e Jouwer, bart soks al. Learlingen fan 'e pleatslike skoallen dogge putsjes yn natuergebiet De Twigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)