Ferplichte CITO ûnsinnich

22 mrt 2013 - 12:13

It ferplicht stellen fan de Citotoets foar alle bern yn groep 8 fan de basisskoalle is in ûnsinnich plan dat de skoallen sels hielendal net sitten sjogge. Dat seit foarsitter Marinus Giesing fan de wurkgroep Fryske pleatsingswizer.

In grutte mearderheid fan de Twadde Keamer is foar de ferplichte eintoets. It CDA wol dat skoallen sels kieze meie wat foar eintoets sy brûke wolle. Dat kin fan it Cito wêze, mar ek fan in oare oanbieder. It fergelykjen fan de skoallen ûnderling, wurdt dêrtroch lestich, tinkt Giesing.

Neffens de steatsiktaris soe de toets ek it skoaladvys befestigje moatte, mar Giesing tinkt dat skoallen dêr hielendal gjin ferlet fan hawwe. Yn Fryslân docht yntusken 80 oant 90 persint fan de skoallen mei oan de pleatsingswizer. Dêrby wurdt it skoaladvys bassearre op de sifers yn it learlingfolchsysteem, dat de hiele skoaltiid fan in bern byhâlden wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)