Ferplichte appel ferdwynt op basisskoalle yn Elslo

06 nov 2015 - 16:38

De skoalbern ferplicht in appel ite litte? Op de K.J. Dijkstraschool yn Elslo wie dat 43 jier realiteit. De tradysje begûn yn de jierren '70 mei de kampanje 'snoep verstandig, eet een appel'. Mear as 40 jier soarge de skoalle yn it skoft foar in appel. Ofrûne moandei is oan de tradysje in ein kaam.

De learlingen fan groep 7 en 8 hienen sels oanjûn dat se fan it ferplichte appel iten ôf woene. De measte bern nimme al in soad fruit mei nei skoalle. ''Nu meestal een banaan'', sa seit Melanie Urf út groep 8. ''Dat vind ik lekkerder dan een appel''.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)