'Ferplichte alkoholkursus foar hoareka is fan de baan'

04 des 2014 - 21:35

Hoareka-ûndernimmers yn Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel sille yn stee fan 8 desimber no op 27 jannewaris takom jier in konvenant tekenje mei beide gemeenten. Dat docht bliken nei in petear tusken de Koninklijke Horeca Nederland en de boargemasters fan beide gemeenten.

De ûndernimmers wiene it net iens mei de kursus oer alkohol en drugs dy't yn it konvenant ferplichte wurdt. De kursus is no net mear ferplicht. Dat liet Jan Adema, foarsitter fan de ôfdieling Midden-Friesland fan de KHN, witte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)