Ferplichte âld papier ophelje

15 mrt 2011 - 06:50

Yn Dronryp moatte de âlders fan de bern op de basisskoallen tenei ferplichte meidwaan oan it opheljen fan it âld papier. De trije basisskoallen yn it doarp betelje fan de opbringst fan it âld papier de bysûndere aktiviteiten op skoalle, lykas útstapkes, it Sinteklazefeest en de sportdagen.

It waard hieltyd dreger om âlders te finen dy't it âld papier ophelje woene en dus moatte alle âlders no ferplichte meidwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)