Ferplicht ferhúzje by riedssit

06 mrt 2010 - 15:46
  • Frans Koning (foto:hyves fnp-hearrenfean)

Frans Koning út Aldehaske moat ferhúzje as er riedslid wurde wol yn de gemeente Hearrenfean. Koning wie de nûmer 4 foar de FNP by de gemeenteriedsferkiezings. Mar troch foarkarstimmen is er de twadde man fan de partij en dêrmei komt er yn de gemeenteried.

Riedsleden moatte yn de gemeente sels wenje. Koning wennet dêr krekt bûten. Hy krijt in jier de tiid om in hûs op It Fean te sykjen. Wurdt er wethâlder, dan hoecht er net te ferhúzjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)