Ferpleechôfdieling Leppehiem

19 feb 2011 - 14:42

Soarchsintrum Leppehiem hat plannen foar in nije ferpleechôfdieling. Dat makke de direkteur sneon bekend by de iepening fan nije foarsjennings yn it sintrum. Der is ûnder oare in swimbad, in itensiedstudio en in apoteek by kaam. Fierdes binne der apparteminten boud.

It soarchsintrum hopet nije wike de earste boutekenings foar de nije ferpleechôfdieling oan 'e gemeente Boarnsterhim presintearje te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)