Ferpleechhûssoarch Nij Bethanië hâldt op 1 septimber op

11 jun 2015 - 13:12
  • Nij Bethanië yn Tsjummearum

De ferpleechhûssoarch yn wensoarchsintrum Nij Bethanië yn Tsjummearum ferdwynt definityf mei yngong fan 1 septimber. Yn april waard al oankundige dat de ferpleechsoarch op termyn ferdwine soe. Sûnt dy tiid hat sawat de helte fan de bewenners en in part fan de meiwurkers in alternatyf fûn. Dêrtroch stiet de kwaliteit fan de soarch en ek it besteansrjocht fan it ferpleechhûs ûnder druk.

Noorderbreedte is dêrom twongen om al op 1 septimber in ein te meitsjen oan de ferpleechhûssoarch en de deibesteging yn Tsjummearum.

Noorderbreedte sil de kommende moannen yn oerlis mei de bewenners en harren famylje om in nij wenplak te sykjen. De meiwurkers wurde neffens it sosjaal plan begelaad nei oar wurk.

De gemeente Frjentsjerteradiel, Wonen Noordwest-Friesland en Noorderbreedte binne al in skoft dwaande mei in ûntwikkelfyzje foar Tsjummearum en it gebiet by Nij Bethanië. It sluten fan it ferpleechhûsdiel fan Nij Bethanië betsjut dat mear tiid nedich is foar in oanpast plan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)