Ferpleechhûs foar dakleazen

08 apr 2009 - 10:16

De eardere Bûtenskoalle yn Ljouwert wurdt mooglik omboud ta ferpleechhûs foar dak- en thúsleazen. Boargemaster en wethâlders fan Ljouwert stelle de rie foar om akkoart te gean mei in fersyk fan Zienn dêrta.

Zienn wol yn 'e Bûtenskoalle 50 ferpleechplakken realisearje. 36 dêrfan komme yn wengroepen, foar dakleazen dy't in soad soarch nedich hawwe. De oare 14 plakken komme yn oanleunwenten, dy't geskikt binne foar minsken dy't wat selsstanniger binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)