Ferpleatsing wykmerk Dokkum

12 feb 2009 - 22:31

De kâns is grut dat de wykmerk fan Dokkum ferhuzet fan de Merk nei de Grutte_Breedstrjitte. De polityk yn Dongeradiel hat tongersdei entûsjast reagearre op it plan.

De lêste jierren nimt de belangstelling fan merkkeaplju en publyk ôf. Troch in ferhuzing nei in better plak soe dêr wat oan dien wurde kinne. It oanlizzen fan nije stroomfoarsjennings yn de Grutte Breedstrjitte kostet 35.000 euro. De ried nimt oer twa wiken in beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)