Ferpleatse ynstee fan emigrearje

13 okt 2005 - 05:54

Boerebedriuwen yn parten fan Fryslân dêr't net genôch grûn is om út te wreidzjen, soene einst frijwillich ferpleatst wurde moatte nei in part fan de provinsje dêr't mear grûn beskikber is. Dêr soe in apart grûnfûns foar komme moatte. Dat stiet yn it lânboustruktuerûndersyk fan de Dienst Landelijk Gebied DLG.

It soe sels in alternatyf wêze kinne foar boeren dy't emigrearje wolle. Deputearre Anita Andriesen is posityf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)