Feroarsaker oanriding oanhâlden

04 aug 2006 - 11:08

De plysje hat tongersdeitejûn by in tankstasjon oan de grutte dyk by Boarnsweach in ynwenner fan It Hearrenfean (36) oanhâlden. De man hie earder dy jûn yn Langwar in oanriding feroarsake, en wie dêrnei trochriden.

By Boarnsweach wie er fan de dyk rekke en mei de auto yn in droege sleat telâne kaam. Hy wie doe nei it tankstasjon rûn en hie dêr in rút ynslein. Doe't de plysje him oanhold, die bliken dat er tefolle dronken hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)