Feroarings yn haven Skylge

21 feb 2011 - 15:27
  • Foto: Omrop Fryslân

Der komme twa oanlisbrêgen foar de fearboaten yn 'e haven fan Skylge. De snelboaten krije in dûbeld lisplak. De kade dêr't de snelboat no leit, komt frij foar oare skippen. Dat stiet yn it foarstel fan B en W oan de gemeenterie. De ried hat him der earder al oer útsprutsen hokker kant it op moat mei de haven. It kolleezjefoarstel slút dêrop oan.

B en W wolle ek in ûndersyk nei it ôfhanneling fan frachtferkear op in oar plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)