Feroarings kuieralvestêdetocht

02 maaie 2011 - 15:33
  • Foto: Martin de Jong

Dielnimmers oan de kuieralvestêdetocht hoege tenei net mear persoanlik nei Ljouwert te kommen foar de startkaart. De kaarten wurde no oer de post ferstjoerd. Yn de rûte binne ek in pear feroarings. Sa hoege de dielnimmers yn de etappe nei Drylts twa kilometer minder te rinnen. Op it Bilt wurdt wer oer Ried en Bartlehiem rûn. De kuiertocht bestiet dit jier 65 jier. De organisaasje wol dêr lykwols net wiidweidich by stilstean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)