Feroaring yn súdlike Heak

04 mrt 2014 - 14:49

Ferkear besuden Ljouwert moat tongersdei en freed rekken hâlde mei fertraging fanwege de oanlis fan de nije dyk Heak om Ljouwert. De dyk fan Ljouwert nei Drachten tusken Werpsterhoeke en Himriksein is in skoftsje ticht foar it ferkear. De ôfsluting duorret fan tongersdei sân oere jûns oant freedtemoarn seis oere en fan freedtejûn sân oere oant sneontemiddei seis oere. Der is in omlieding fan sawat fiif kilometer oer Wurdum.

De hiele dyk moat ein dit jier klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)