Feroardieling foar ûngelok

04 mrt 2003 - 00:00

In 17-jierrich famke út Wageningen is tiisdei yn Ljouwert feroardiele foar in ûngelok op It Hearrenfean. Dêrby kaam in frou (65) út Drachten om it libben. It famke wenne doedestiids op It Fean.

Op de fyts helle se gefaarlik yn yn 'e Boargemaster Hellingtunnel. Dêrby foel de frou út Drachten mei de holle op 'e stoepe en ferstoar. It famke moat 30 oeren ûnbetelle wurkje en 3200 euro skea betelje. Fierders mei se ûnder betingst trije moanne net fytse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)