Feroardieling ferneatige

28 des 2011 - 17:18

De feroardieling fan âld-riedshear fan it Ljouwerter gerjochtshôf Wicher Wedzinga is troch de Hege Ried ferneatige. Wedzinga wie feroardiele foar it skeinen fan riedskeamergeheim. Yn 2003 lei er mei twa oare Ljouwerter rjochters in man tolve jier selstraf op. Letter socht Wedzinga kontakt mei de advokaat fan dy man. Hy soe geheime feiten ferteld hawwe. Dêr is er foar feroardiele.

De Hege Ried seit no dat by de saak de proseduere net goed gien is. Kollega-rjochters hawwe de saak behannele en dus is der gjin sprake fan ûnôfhinklikens.

It Ljouwerter Hôf kin de saak opnij oanspanne. Advokaat Plasman tinkt lykwols dat dy kâns lyts is, om't dat net op ridlike termyn dien wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)