Feroardiele foar minskehannel

16 jul 2010 - 11:21

De rjochtbank yn Ljouwert hat freed trije manlju frijsprutsen dy't der fan fertocht waarden dat se fiif boufakkers út Roemenië twongen yn Nederlân wurkje lieten. Neffens de rjochtbank is der net genôch bewiis dat de fiif min behannele binne.

Ien fan 'e fertochten hat wol trije jier finzenisstraf krigen omdat er Roemeenske froulju twongen yn de prostitúsje wurkje liet. Dat wie ûnder oare yn Ljouwert. In twadde fertochte krige achttjin moanne selstraf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)