'Feroardering moat fan Ryk'

16 jan 2014 - 22:39
  • Hayo Apotheker

As it net fan it ryk moast, dan hie it kolleezje fan Súdwest-Fryslân nea in nije feroardering makke foar doarpshuzen. Dat sei boargemaster Hayo Apotheker tongersdei by de kommisjegearkomste fan de gemeenteried. Yn dy nije feroardering wurde der beheinings oplein oan doarpshuzen en multyfunksjonele sintra. Troch beheinings op te lizzen soe de ûnearlike konkurrinsje mei de gewoane hoareka lytser wurde moatte.

De maatregels roppe in soad fragen op by de gemeenteried. Dy makket him soargen oer it fuortbestean fan de doarpshuzen.

De ried nimt op 30 jannewaris in beslút oer de feroardering.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)