Fernuvering besunigings Omrop

07 okt 2010 - 10:58

De Ried fan de Fryske Beweging is bot skrokken fan it provinsjale plan om te besunigjen op Omrop Fryslân. Neffens de Ried is it foaral foar bern wichtich dat de Omrop genôch middels krijt om programma's te meitsjen.

It oanbod foar bern is no al suterich yn fergelyk mei oare stjoerders en dat soe dan allinnich mar minder wurde. Bern binne krekt de wichtichste doelgroep as it giet om it behâld fan it Frysk. De Ried fernuveret him dêrom oer de plannen fan DS.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)