Fernijing Vegelinbuert útein set

11 nov 2004 - 10:12

Yn Ljouwert is woansdei de earste peal slein foar de stêdsfernijing yn de Vegelinsbuert. Der hat in soad te dwaan west om it projekt. Sa hawwe bewenners en de gemeente lang spul hân oer it tal wenten dat sloopt wurde moast, en hoefolle op 'e nij boud wurde moasten.

Meiïnoar moatte der de kommende tiid 106 wenten boud wurde. Op dit stuit binne dêr al 25 huzen fan ferkocht. De lêste huzen wurde ein takom jier oplevere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)