Fernijde praktykskoalle Snits

28 mrt 2010 - 12:35
  • Foto: Omrop Fryslân

Yn Snits is in nij gebou yn gebrûk naam dêr't it kristlike en it iepenbiere praktykûnderswiis yn ûnderbrocht is. It gebou stiet oan de Simmerdyk. De gearfoeging bestiet al sûnt desimber, mar freed wie de offisjele iepening.

De organisaasje fan 'e lessen en oare aktiviteiten wurde ek tegearre oppakt. Yn it begjin wie dat noch wat ûnwennich, no suver is hast gjin ferskil mear. In fúzje fan beide opliedings is lykwols net de bedoeling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)