Fernijde Friesland Bank iepen

25 jul 2007 - 10:03

De Friesland_Bank yn Stiens giet woansdei wer iepen foar publyk. De bank hat trije moannen ticht west fanwege in ferbouwing. De loketfunskje om jild te heljen is minder belangryk yn de nije opset. Inkeld as minsken dêrom freegje, wurdt help jûn. De kommende tiid krije klanten de fraach foarlein wat se fine fan 'e nije styl.

Klanten kinne fan woansdei ôf de hiele wike by de bank telâne, mar net op moandeitemoarns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)