Fernijde dyk Sint Nyk iepene

17 des 2005 - 11:41

Yn Sint Nyk is freed de drokke tagongsdyk de Rylst offisjeel iepene. Troch in fersmelling krije bestjoerders it gefoel dat se stadiger ride moatte. Der is ek mear romte makke foar fytsers en fuotgongers.

De plannen binne ferline jier betocht troch de buertferiening, pleatselik belang en de gemeente Skarsterlân. De maksimum snelheid bliuwt earst noch 50 kilometer yn de oere. De gemeente besjocht oft dat werom kin nei 30.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)