Fernijd oarlochsmonumint yn Dokkum ûntbleate

18 maaie 2015 - 14:38
  • Nij oarlochsmonumint yn Dokkum
  • Marissa Kikstra fan it Dockinga Kolleezje

Santich jier nei de befrijing is it algemiene oarlochsmonumint yn Dokkum no dochs kompleet. Moandei wurdt it fernijde besteande monumint op it Bolwurk ûntbleate mei dêrop de nammen fan santjin boargerslachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch.

De fergetten slachtoffers moasten it oant no ta sûnder monumint dwaan. Mei tank oan Marissa Kikstra fan it Dockinga Kolleezje is dêr feroaring yn kaam. Sy hat foar in wurkstik de nammen fan alle slachtoffers achterhelle. Marissa is moandei ien fan de minsken dy't de betinkingsplaat ûntbleatet.

Oan de Wâldwei is ek noch in oarlochsmonumint, mar dat is spesifyk ta neitins oan de tweintich finzenen dy't deasketten binne as ferjilding foar de oanslach op in Dútske militêr by De Falom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)