Fernijd MFS Samen Onder Dak yn Drylts iepene

19 jun 2015 - 20:05

It fernijde multyfunksjonele sintrum 'Samen Onder Dak' yn Drylts is freed iepene troch deputearre Klaas Kielstra, wethâlder Maarten Offinga en frijwilliger Douwe Zijlstra. It gebou njonken de iisbaan hat in oanbou krigen. Dêr kinne no de fierljepferiening, it jeugdwurk, mar ek toeristen teplak.

Sa kinne besikers fan de jachthaven yn it MFS teplak te dûsen, itensieden en Wifi. De gemeente Súdwest-Fryslân hat boppedat it parkearterrein om it gebou hinne opknapt. Oan de opknapbeurt hawwe ek in soad frijwilligers meiwurke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)