Fernijd Frittemahof iepene

23 okt 2014 - 16:04
  • It fernijde Frittemahof waard feestlik iepene
  • Sjongeres Iris Kroes joech in optreden by de iepening
  • Fersoargingshûs Frittemahof yn Snits

It folslein fernijde fersoargingshûs Frittemahof yn Snits is tongersdeitemiddei feestlik iepene. It gebou krige 54 nije oanleunwennings en 68 soarchapparteminten. Ek is it restaurant fernijd en is der yn it stik nijbou in winkeltsje en in kapsalon. De bewenners ferhuzen yn maart al nei it fernijde gebou. No't alles klear is, kin de offisjele iepening plakfine.

De nijbou fan Frittemahof is in projekt fan Wenningstichting De Wieren út Snits, yn gearwurking mei soarchgroep Tellens, dy't de âldereinsoarch oan de bewenners ferlient.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)