Fernijd doarpshûs Top&Twel los

02 mrt 2012 - 16:55

Boargemaster Jacob Reitsma fan de eardere gemeente Wymbritseradiel iepene freed it fernijde en fergrutte multyfunksjonele sintrum it Harspit fan Top en Twel. Reitsma die dit mei help fan Hayo Apotheker, de boargemaster fan Súdwest-Fryslân.

De fernijing fan it doarpshûs hat sa'n acht jier ûnderweis west en mear as in miljoen euro koste. Njonken gemeente en provinsje hat it projekt ek in soad lytsere sponsors. Ek hawwe frijwilligers oant tongersdeitejûn ta hurd wurke om alles op 'e tiid klear te krijen.

It doarpshûsbestjoer is optimistysk oer de eksploitaasje fan it multyfunksjoneel sintrum. It twillingdoarp hat 34 aktive ferienings, der binne al ferskate oanfragen foar brulloften en partijen en ek Snitsers witte it multyfunksjonele sintrum hieltiid better te finen. It sintrum is yngreven fernijd en ek útwreide mei in multyfunksjonele seal. Ek wurdt wurk fan keunstners út eigen doarpen útstald. It bestjoer frege Reitsma foar de offisjele iepening, omdat de gemeente Wymbrits him earder tige ynspande foar it projekt. De gemeente Súdwest-Fryslân holp de lêste jierren by it ôfmeitsjen fan it projekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)