Fernielsuchtige jeugd oppakt

10 apr 2008 - 11:15
  • plysje pakt fernielsuchtige jongeren op

De plysje op 'e Jouwer hat yn twa moannen tiid tolve jongeren tusken de 14 en 19 jier oanhâlden. Se binne oppakt foar 25 fernielings yn de perioade desimber 2006 oant en mei febrewaris fan dit jier. Der is foar tsientûzenen euro's fernield oan ûnder oare in skoalle, in sporthal en tal fan bushokjes.

De gemeente sil de skea op de âlden fan de fertochten ferhelje. De plysje slút mear oanhâldings net út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)