Fernielings yn Warten

25 feb 2013 - 10:10
  • (foto-ympresje)

De plysje siket tsjûgen fan ferskate fernielings yn Warten. In frou hie sneontenacht sjoen dat in jonge tsjin har parkearde auto oan de Rûnwei oan slein hie. De bûtenspegel wie dêrtroch stikken rekke. De jongeman wie útnaaid.

De plysje seach letter dat ek in rút ynsmiten wie by de jeugdsoas oan de Skoallestrjitte. Boppedat wiene fan twa oare auto's oan de Midsbuorren ek spegels fernield. Wa't wat wit, kin belje mei de plysje, 0900-8844.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)